Wa jouwe advys oer de Gysbert Japicxpriis 2027?

14 sep , 15:27Nieuws
Overhandiging
Provincie Fryslân
Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2027 beneamd. Dizze kommisje sil in advys jaan oan Deputearre Steaten wa’t yn 2027 in priis krijt foar Frysk proaza.
Yn 2025 hat Elmar Kuiper dizze wichtichste literatuerpriis wûn foar syn poëzijbondelFerlosboartsje.
De advyskommisje bestiet út:
  • Elisabeth Post (1966). Se wurke jierrenlang as ferslachjouwer kultuer by de Leeuwarder Courant dêr’t se benammen oer Fryske literatuer skreau. Se folget de dieltiid learare-oplieding Frysk oan NHL Stenden en wurket yn it ûnderwiis;
  • Greet Andringa (1971). Se skreau trije romans en in ferhalebondel. Har roman Libben reach (2008) kaam út yn de rige Fryske Modernen en yn 2010 skreau se it Kadoboek Los sân. Ek wie se redaksjelid fan Frysk literêr tydskrift Hjir/Ensafh. Se wurket as ferslavingsdokter en hat in eigen terapypraktyk;
  • Sybren Sybesma (2001). Hy is as ûndersyksassistint ferbûn oan de Universiteit Leiden dêr’t er wurket oan it MAPPI-NED projekt (Mapping Archival Papers of Polyglots in the Netherlands through Electronic Databases). Hy skriuwt ferhalen en is redaksjelid fan Frysk literêr tydskrift Ensafh.
Gysbert Japicxpriis
De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis fan Fryslân. De priis wurdt ien kear yn ‘e twa jier útrikt. It iene jier foar Frysktalige proaza en it oare jier foar Frysktalige poëzy. De priis waard yn 1947 troch it provinsjaal bestjoer ynsteld. Dichter Obe Postma wie yn dat jier de earste winner fan de Gysbert Japicxpriis.
loading

Loading